Wa is Keimpe?

Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier. Keimpe wol bern en harren âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Troch yn it Frysk te lêzen en ferhalen te fertellen wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Sa stimulearret Keimpe de Krokodil meartalichheid en krije bern de foardielen dêrfan mei.

De Keimpe-ferhalen geane oer de bern Eef, Hidde, Mia, Rins, Sef en Silke en oer poes Maus en hûn Jep. Sy belibje hiele bysûndere en hiele gewoane aventoeren mei-inoar. De ferhaaltsjes wurde skreaun troch de Keimpe-skriuwgroep, dy’t bestiet út Ysbrand Drost, Reina Smeink Kroodsma, Berber Spliethoff, Elbrich Vreeling en Tjitske van Dijk. De yllustraasjes by de ferhaaltsjes en teksten binne fan Aart Cornelissen. Hy makke ek de yllustraasjes foar it grutte ‘Wêr is Keimpe?’-sykboek.

Foarlêstips

Foarlêzen helpt bern om taal- en sosjaalfeardich te wurden. Foarlêzen prikkelet fantasy en kreativteit. Troch ferhalen fergrutsje bern harren kennis fan de wrâld en leare se harren yn te libjen yn oaren. En: foarlêzen is leuk!

Lês foar it foarlêzen sels it boek of ferhaal.

Ast it ferhaal sels alris lêzen hast, dan witst wat der komt. Dan kinst de spanning better opbouwe en kinst bern makliker helpe om it ferhaal te begripen.

Sykje in noflik plakje

Sykje in plakje dêr’t jim lekker sitte of lizze kinne. Nim de tiid foar it foarlêzen. Silst in printeboek of in boek mei in soad plaatsjes foarlêze? Soargje dan dat elk meisjen kin yn it boek.

Ferjit de bûtenkant fan it boek net

Wat stiet derop? Wat is de titel? Wêr tinke jim dat it boek oer giet? Sa makkest de bern nijsgjirrich en benijd nei it ferhaal.

Reagearje op it ferhaal

Lit bern reagearje op it ferhaal en praat der mei-inoar oer. Stel iepen fragen, bgl.: ‘Wat soesto dwaan?’, ‘Hoe soe de haadpersoan him/har fiele?’, ‘Hoe soe it ferhaal ôfrinne?’.