Ynformaasje
Keimpe mei graach lêze en foarlêze. Hjir fynst foarlêstips en boekresinsjes.
Keimpe de Krokodil is gek op lêzen en ferhalen. Mei lêzen en ferhalen kinst fanalles belibje en it is ek noch goed foar de ûntwikkeling fan taal en konsintraasje. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk. En Keimpe wol sjen litte dat Frysk lêzen leuk is en hielendal net yngewikkeld!
Keimpe mei graach lêze en foarlêze. Hjir fynst foarlêstips en boekresinsjes.
Sykje Keimpe yn ’e ynteraktive sykplaten, lês de boekjes, harkje nei de lêsrap en mear.
Yn september wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen.
Sykje Keimpe yn de ynteraktive ferzjes fan de platen út it Wêr is Keimpe?-boek en harkje nei de wurden yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
Nei de sykplaten!It lêste nijs oer Keimpe en (foar)lêzen yn it Frysk.

De bern fan Terpsyl geane op aventoer! Se rêde in kat, klimme op it dak, geane mei in skip op reis, kampeare yn ’e tún en noch folle mear! Mei dit Lês-mar-sels-boek kinne begjinnende lêzers harren Frysk lêzen oefenje en allegear aventoeren belibje. Yn de ferhaaltsjes fan Stasjon 1 lêze se ienfâldige wurden en koarte sinnen en troch it boek hinne oefenje de lêzers hieltyd mear klanken, langere wurden en sinnen. Sa ûntdekt elkenien: lêze yn it Frysk is leuk en hielendal net yngewikkeld!

Wolsto ek in ‘betterwetterder’ wurde? Wat seist? Witsto noch net wat dat is? Witsto wat ‘wetter’ is? Hast wolris heard fan ‘wettermeunsters’? Bisto in bytsje nijsgjirrich oanlein? Dan moatst dit boek mar gau besjen! Want foardatst it witst, wurdsto in echte wetterprofessor en makkesto thús dyn eigen swietwetterfabryk!
Bestel it Wêr is Keimpe-boek, de Keimpe hânpop, Keimpe memory of oar materiaal.
Materiaal bestelle