Wêr is Keimpe?

Sykje en lear mei Keimpe de Krokodil! Yn de ynteraktive sykplaten giest op syk nei Fryske wurden oer allerhande tema’s. Keimpe helpt dy op wei en kinsto Keimpe sels ek fine?

Wurkblêden

Printsje hjir de moaiste Keimpe-kleurplaten, foar thús of op skoalle. Of doch mei oan Keimpes lêsbingo en helje de folle kaart!

Alle wurkblêden

Lês derop los!

Kenne jim de Keimperap fan Sytse en Melissa al? Sjoch hjir nei de rap en doch sels mei en lês derop los!

Blêderboekjes

Yn it ramt fan de Lês-mar-foar-wiken komt alle jierren in nij Keimpe-boekje út, fol ferhaaltsjes, strips, puzels en prachtige yllustraasjes. By de boekjes, dy’t oanslute op it tema fan de lanlike berneboekewike, is ek in lesbrief beskikber foar skoallen.

Alle blêderboekjes