Keimpe op reis!
Keimpe de Krokodil is net samar in krokodil. Hy hâldt fan moaie ferhalen, reizget graach én hâldt fan lekker iten. Dêrom kinst him no oeral yn de provinsje tsjinkomme.
Hoareka
By ferskate hoarekabedriuwen yn Fryslân krigesto dyn iten op in placemat mei allerhande spultsjes en oan de ein krigesto ek noch in lêsboekje mei in grappich ferhaaltsje.
Meartalich
De boekjes en de placemats binne beskikber yn meardere talen. Fansels belibbet Keimpe syn aventoeren yn it Frysk, mar de ferhalen en spultsjes binne der ek yn in kombinaasje mei it Biltsk, it Dokkumers en it Franekers. Der wurdt ek it ien-en-oar útlein yn it Nederlânsk en Ingelsk. Dat makket dat Keimpe op reis nijsgjirrich is foar elkenien dy’t yn Fryslân wennet, mar ek foar elkenien dy’t yn Fryslân mei fakânsje is!
Hjir is Keimpe
Keimpe kinsto tsjinkomme by ûndersteande bedriuwen:
Bestelle
Wolle jimme Keimpe ek by jimme yn it bedriuw? Folje ûnderstean formulier yn om materiaal te bestellen.
Oer it projekt
Studinten fan ROC Friesland College betochten, yn opdracht fan de Afûk en restaurant De Pleats yn Burgum, in plan mei as doel: gasten oan it bedriuw bine mei help fan it Frysk. Sy wolle de bern dy’t yn in restaurant op harren iten wachtsje, fermeitsje mei Fryske ferhaaltsjes en spultsjes. Yn gearwurking mei Toerisme Collectief Fryslân en Afûk is dat plan útwurke ta Keimpe op reis.
Mei help fan ferskillende streektaal-organisaasjes binne de placemat en it boekje écht meartalich wurden. Sa kinne bern by restaurants yn It Bilt in Biltsk boekje krije, yn Frjentsjer in Franekers eksimplaar en yn Dokkum kin it ferhaal yn it Dokkumers lêzen wurde.
It projekt is mei mooglik makke troch provinsje Fryslân en de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel
Mear witte oer Keimpe?
Mail mei ynfo@afuk.frl
Keimpe op reis is in gearwurking tusken: