Keimpe de krokodil
Keimpe de Krokodil is gek op lêzen en ferhalen. Mei lêzen en ferhalen kinst fanalles belibje en it is ek noch goed foar de ûntwikkeling fan taal en konsintraasje. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk. En Keimpe wol sjen litte dat Frysk lêzen leuk is en hielendal net yngewikkeld!
Wurkbleden
Wa is Keimpe?
Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier. Keimpe wol bern en harren âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Troch yn it Frysk te lêzen en ferhalen te fertellen wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Sa stimulearret Keimpe de Krokodil meartalichheid en krije bern de foardielen dêrfan mei.
De Keimpe-ferhalen geane oer de bern Eef, Hidde, Mia, Rins, Sef en Silke en oer poes Maus en hûn Jep. Sy belibje hiele bysûndere en hiele gewoane aventoeren mei-inoar. De ferhaaltsjes wurde skreaun troch de Keimpe-skriuwgroep, dy’t bestiet út Ysbrand Drost, Reina Smeink Kroodsma, Berber Spliethoff, Elbrich Vreeling en Tjitske van Dijk. De yllustraasjes by de ferhaaltsjes en teksten binne fan Aart Cornelissen. Hy makke ek de yllustraasjes foar it grutte ‘Wêr is Keimpe?’-sykboek.

Kleurplaat mei flagge op redens
Kleurplaat ballon
Kleurplaat mei boeken
Kleurplaat op it poadium
Kleurplaat yn’e kroade
Lêsbingo simmer
Boekresinsjes
Lês hjir resinsjes fan de moaiste en nijste Fryske berneboeken.

Boekresinsje: ‘Kening sûnder hynder’
O nee, in de stal van de koning is niks te zien! Waar is zijn vriend, het paard, gebleven?

Boekresinsje: ‘Wêr is myn skaad?’
Wanneer is de laatste keer dat jij bewust naar je schaduw hebt gekeken? Je schaduw, voor ons zo gewoon, maar vroeg of laat komt er een moment dat ieder kind er nieuwsgierig naar wordt. Het prentenboek “Wêr is myn skaad?” van Berber Spliethoff speelt hier leuk op in met een origineel verhaal.
Ynformaasje
Keimpe mei graach lêze en foarlêze. Hjir fynst foarlêstips en boekresinsjes.
Amusearje
Sykje Keimpe yn ’e ynteraktive sykplaten, lês de boekjes, harkje nei de lêsrap en mear.
Lês-mar-foar-wiken
Yn septimber binne de lês-mar-foar-wiken. Besjoch de webside.